© Grietje Boersma - Drachten
Doe't ik efkes bûten stie
Tinkend oan myn lok
Tocht ik, dat moat ik faker dwaan
Want ha it fiersten te drok.

Der wie zo,n frede yn myn hert
Dat fielde ik net mear
En hoe dat kaam wist ik fuortendaliks
It waard jûn troch myn Hear.

Wat bin ik tankber en sa bliid
Dat Jezus fan my hâldt
Want sûnder leafde fan myn Hear
Is it libben o sa kâld.

Mar Jezus sels, Hy hold my fêst
Syn earmen fielden hiel fertroud
It is om neat, fergees en frij
Wat Jezus oan my jout.

Ik tank jo Hear, mei hiel myn hert
Myn tankberens is grut
Jo sil nea fan my gean
Dat stiet yn God syn wurd.